thuis
jefte
it rûkt nei maitiid
it kribelet
en brânt my yn 'e lea
om bûten te sjen
hoe't 'e grûn romte makket
foar it ljochte grien
en de hearehintsjes
oan it ljocht komme
út har winterhoalen
wy hingje
de wask wer bûten
en jouwe ús yn 'e sinne del
litte de waarmte
har noflike wurk oan ús dwaan
maitiid
op 'e nij
kriget it libben
in kâns fan slagjen
aukje wijma