brekber stean ik foar dy
silsto my oansjen
hoeden mei my omgean
do nimst de tiid
wachtest ôf
oan ‘t ik der oan ta bin
yn dyn kalme evenwichtige
eagen te sjen
it mei der wêze
no lit ik oan eltsenien
strieljend
myn leafde foar dy sjen
tergearre gean wy
it ûnwisse paad
wêrop bulten en kûlen
mei leafde
sljochte wurde
aukje wijma