it amelân
in grien
fiskerskratsje
in reade flesse
wanten tou
it wetter fan ‘e see
leit se
foar myn fuotten
del
ik tôgje it mei
nei de strânopgong
meitsje
it ta in monumint
foar
foarbygongers
oer ús
skoandere wetter
dêr
wol ik it mei dy
oer ha
aukje wijma