loft
boartlike wolken
jousto de romte
de sinne mei har gong gean
moanne en stjerren
krije allegear har plak
wy ierde bewenners
wolle
troch dy hinne sjen
opklimme ta dyn
rêststee
dyn blau
is te djip
foar ús eagen
dyn romte
te fier
foar t’ ferstân
we meie útsjen
ús ferwûnderje
opazemje
by dy
aukje wijma