
rotsfêste dreamen
se wie syn jonge leave faam oprjocht
soenen se stean ûnder it baldakyn
mar no die se him dit rare berjocht
Ik bin swier in ingel hat it sein
allinne wie it net fan him
hy tyske der dagenlang mei om
‘t sette him op ‘e mage
sil ik har sûnder mear werom
gean litte nei har âlden
‘t fertriet oer leafde allinne drage
Nim har dochs wol ta dyn eigen frou
de kommende tiid sil ‘t dy leare
Hij bliuwt Syn jûne dreamen trou
Sjongende ingels sille Him eare
En Joazef gie syn dream efternei
die wat ‘e dream him sei
aukje wijma