stille wike
foarjier
de blommen fan de fruchtbeam
komme wer
foar 't ljocht
yn harren
bywêzigens
gean ik
de stille wike yn
en wrakselje
op 'e nij
troch lijen
lit djip yn my
besinke
hoe frij ik bin
foar my
hat Hy 't folbrocht
´t wurdt Peaske
aukje wijma
..................................................