de wize mannen
de wize mannen
wisten it
it ljocht oan ’e himel
wie in boade
fan nij libben
se lieten
har wurk lizze
en gongen
op wei
yn tsjustere tiden
troch ûnbekende streken
by moudige paden lâns
wy minsken fan hjoed de dei
hawwe weet fan
it Ljocht
de Boade
fan libben
wolle
wy it wurk
foar it Frederyk
op ús nimme
yn ûnrêstige tiden
by ûneffene paden lâns
mei neatochte stappen
frede en alle goeds
dêrby by tawinske
hjoed moarn
en yn it nije jier
aukje wijma
......................................................