berne wurde
it bern fan betlehim
moat fierwei komme
yn myn libben
fan hjoede de dei
libben dêr 't
frede en waarmte
foar it gripen leit
foar my
en in lyts part
fan 'e wrâld
wol ik wier
op 'e nij berne wurde
ûnder de hoeders
de herberch
doarmet yn my om
aukje wijma
.............................................................