Franciscus
de lytse man gie oerein
kaam it neakene
brekbere tsjin
en fûn dêryn
it wiere libben
timmere
oan syn libbenshûs
dat dreger wie
as in tsjerke opknappe
yn 'e natuer kamen foar him
himel en ierde
elkoar yn 'e mjitte
hy slite syn libben
mei minsken fan it selde slach
en skûle mei har
ûnder in kleasterdak
thús kaam er by de Ivige
aukje wijma
....................................................................