lavendel2

fan âld nei nij

yn 'e koarte tiidsspanne nei it fieren fan Kriist
rinne wy in gedachten en mei gefoelens
it folle jier 2025 út

it brocht wer in útrinnende natuer
it joech frede en ûnrêst neist elkoar
leafde en fertriet
gemis en opnei wersjen
fernuvering en teloarstelling
it joech libben en gemis

libben
ûngripber fan it begjin
oan it ein

en dochs sa tichtby waarnimber
en doelbewust richting nimmend

no langjend útsjen nei in nij
leech en skjin Nijjier
 
wêryn we ús tabetrouwende meie
oan ús Skepper

aukje wijma