gean de wei
elts dei wer fuotprinten
delsette meie
yn Jo moaie skepping
troch leafhawwen en arbeidzjen
rinne wy oer platrûne paden
of sykje wy skruten
in heilsume takomst wei
de fuotôfdruk dy ‘t Jezus yn ‘e wrâld
efterlitten hat kin ús rjochting jaan
sa warleas nei de ierde kaam
en sa duorsum bleaun
aukje wijma
