Hits: 2010
nettsjinsteande
it rûge wilde waar
rypje de giel brune beien
fan ‘e koetsjebeibeammen

se hawwe der gjin weet fan
dat in net mei it bleate each
waar te nimmen mûnster
de ierde yn har besnijing hâld

of dochs wol is dêrom
it waar sa fan slach
folle mear as wy somtiden
sjen tinke en witte wolle

de wyn rein en droegte
trúnje ús mei har kreften oan
ús iene fjouwerkante meter
fluotprint op te sykjen

aukje wijma