lavendel2

op 'e berch

  op 'e berch dêr 't wy mei Jezus binne
is it hearlikheid al wat men sjocht
Jezus antlit strielet as de sinne
en syn klean binne blinkend as it ljocht
ja wy sjogge ik kin 't oprjocht ferklearje
Moazes en Elia neist him gean
dy 't him groetsje en lang mei him petearje
al kin wy it net ferstean

op 'e berch forblidet him ús herte
fier fan de ierde yn himels hearlikheid
Hear lit ús hjir trije tinten sette
en hjir wenjen bliuwe yn ivichheid
mar in wolk skout hommels oer de sinne
en wy hearre in lûd in sterke stim
kringend troch de swiere wolken hinne
Hear myn leave soan en folgje him

op é berch mei men de foarsmaak priuwe
fan de ûnforbrutsen hearlikheid
mar wy kinne hjir net duorjend bliuwe
om 't op ierde 't wurk te wachtsjen leit
earmen dy 't ús nei de hannen sjogge
as de feinten  fan de grutte Hear
as w 'ús eagen straks wer iepen dogge
is der oars gjinien as Jezus mear

op 'e berch mei Jezus ferkearen
't is in ûnderfining grut en nij
bliuwt der noch wat betters te begearen
as dit lok fan ierdske soargen frij
út de delling klinkt wer 't bange roppen
fan wanhoop'ge minsken en har bern
Jezus nim ús faker mei nei boppen 
om jins frede en hearlikheid te sjen

Fedde Schurer