Home
- Details
- Hits: 35797
hjersttiid
rûnom mist oer ‘t lân
en boppe de sleatten
de natuer jout him
stadichoan del
lit fruchten falle
ikels en blêden
by de rûs
giel en read fjochtet
yn de wylde loft
stiloan komt har pronkjen
wer ta winterrêst
kin rein en kjeld
har winterwurk dwaan
aukje wijma

ruimte
Franciscus
innerlijk toelaten
opengaan
binnen en buiten
het goede doen
vrede uitdelen
aukje wijma

foar nije tiden
lit dy 't hert net op 'e doele bringe
troch alle skrikkelgrauske tiden
en leau foar altyd
dat leafdesfjoer
ûnder en oer alles hinne
it lêste wurd hawwe sil
eagen opljochtsje lit
en minsken mei hert en siel
oan elkoar tabetrout
aukje wijma
