7de dichtbondel fan ' e boaiem
foar it grutste part makke
yn it arkje van Rienk van der Velde op é Feanhoop
ik mocht dêr 3 wike
wenje, en skriuwe oan in nije dichtbondel
gefoelens en gedachten fan 'e boaiem ôf opdjipje.
in priuwke fan de gedichten fynst hjirûnder
de bondel is noch te keap
no 10 jier letter bin ik der wer foar in skoft
en belibje ik de rêst en de natuer opnei
de gedichten doe makke jilde ek noch likegoed foar hjoed de dei
en miskien noch wol mear it lânskip ropt om begrutsen

it skriuwersarkje
mei fansiden oan de iene kant
in boskje mei bloeiende koetsebeien
hege popels en in útdeide kastanjebeam
dy ‘t it sicht op ‘e wei beheine
de oare kant
lit in wiids útsicht oer it petgat sjen
dêr ‘t swanneblom en plomsigge it goed nimme
oan wjerskanten elzen en bjirken
op smelle stripen feangrûn
en de markol alle dagen as maat
tusken de beheining en romte
leit it arkje fan rienk
dêr ‘t skriuwers
har hert ophelje meie
en oan papier
tabetrouwe
aukje wijma
......................
oandachtich
meie myn eagen
hjoed
Jo spegelje
myn mûle
fan leafde sprekke
myn earen
muzyk fan it libben opfange
myn hannen
moarn mei nocht
har wurk dwaan
aukje wijma
.........................
ta libben komme
nei de winterkjeld
fiel ik iere
waarmrinnende maitiid
ûnsichtbere sopstreamen
litte beammen
ta libben komme
besoargje harren
in ljochtgriene blêdekrânse
wekker wurd ik
fan de ûngeduerige
leafdesrop
troch drok hin en wer
fleanende mantsjeguozzen
twa einekuorren
yn it petgat
wachtsje
aukje wijma
..........................
folslein
as alles
yn neat
har gerak kriget
neat alles
ta libben ropt
de stilte
wekker wurdt
yn my
aukje wijma
.........................
ferwûndering
it wetterpeil is heech
en ‘t petgat sletten
it feanlân grien
op pinksterblommen nei
mollen ha
de gong der wer yn setten
efter in hikke
wurde ljippen wei
hjoed rin ik hjir
en sjoch mei nije eagen
it deade reid
en ‘t ljochte beammegrien
fier foar my út in ree
dy ‘t har net tichtby weaget
dit is myn wrâld
mei plak foar eltsenien
aukje wijma
..........................
wûnder
lonkjes geane iepen
yn it befrijend skriemen
azemet se
foar ’t earst
libbenslang
sykhelje
sûnder euvelmoed
fan ‘e lucht
dy ‘ t libben har jout
aukje wijma
...........................
spegel
ûnder rûzjende popels
hawwe wy in petear
oer de wrâld
mei har ûnbegryplike gong
de skepping om ús hinne
docht har úterste bêst
ús har wiisheid
yn te printsjen
aukje wijma
................................