lavendel2

simmer

Libelles sweve troch de loft
Yn ‘e reiden sykje se al in skoft
Om in gaadlik plakje yn ‘e sinne
Dêr kinne se elkoar moai beminne
har aaikes lizze ûnder ‘t blêd
dy frette har der lekker sêd

Libelles sweve troch de loft

De juffers hawwe alle nocht
Oant tikkeboatsjes op it wetter
Dat skjin en koel is ’t kin net better..
Har bern noch lyts en sûnder kleur
jouwe oan har libben fleur
Libelles sweve troch de loft


aukje wijma