lavendel2

simmer nacht

lauwe wyn rûzet
troch de beammen

neare waarmte 
benimt it sliepen

tinzen geane
de hiele wrâld oer

jouwe har net del

frede is it bûtendoar
mei it binnendoar

ek rêstich wurde

aukje wijma