lavendel2

dat wy net ferjitte sille

wy tinke hjoed mei respekt
oan  minsken út ús doarp
dy ' t yn 'e oarloch
omkaam binne

wy tinke hjoed mei leafde
oan har famylje dy't al salang
sûnder harren
libje moatte

wy tinke hjoed oan oarloggen
oeral yn 'e wrâld
wêr 't minsken
gûle moatte

wy meie hjoed
as doarp en lân
tankber en mei inoar
yn frede libje

aukje wijma