lavendel2

troch tocht

jins berteplak
is safolle mear
as ta de wrâld komme

de geur fan hea
it sicht op beammen
‘t strewel in it lân

‘t fersakke hús de tún
de jarrekolk

en alles wat troch
de hannen kaam
myn berteplak

geuren en kleuren
hechtsje har djip
oan alle oeren fêst

aukje wijma