útsicht is myn 6e dichtbondel
hjirûnder stean in oantal gedichten út de bondel
de bondel is te bestellen
hjirûnder stean in oantal gedichten út de bondel
de bondel is te bestellen

.........................................
ús God is
altyd mei dy
en mei
Hij jaan
datsto altyd
mei Him giest
aukje wijma
..................................
takomst
der komt in tiid
dat der tsien man
út ‘e folken
komme sille
dy ’t moed krije
om in Joadsk man
by de tippe
fan syn mantel
te gripen
him freegje
meie wy mei jo
oprinne
want wy hawwe heard
God is mei jim
aukje wijma
...........................
wekker wurde
it moarntiids ljocht
falt troch
de beammen
rekket de dauwe oan
makket kristal
fan wetterdrippen
nimt se
yn har waarmte op
myn hert is toarstich
nei har
kristal heldere suverens
aukje wijma
...................................................
fiele
ferwachtingsfolle
wurden
jousto de frijheid
wjerspegeljende eagen
fertelle
harren werklikheid
it duel spilet
har ôf
op it boartersplak
fan it hert
aukje wijma
..............................................
trochtocht
do bist op libbenstocht gien
in reis nei it lân
fan molke en huning
somtiden
somtiden
is Egypte wer te fielen
mei it langstme nei
de besletten eardere tiden
yn de woestine
fan hjoed de dei
is der kjeld en iensumens
ûnderweis
yn griene oazen
krigest wetter
út seinigjende hannen
sjochst troch eagen fan
flechtlingen
en hearst
bjusterbaarlike wurden
aukje wijma
.........................................
bernefraach
mei ik wêze
sa't ik bin
Jo bern
mei alle lek
en brek
Jo bern
somtiids
útfanhûs
en graach thús
yn de bal
fan Jo hân burgen
aukje wijma
.......................................
troch stoarm hinne
de wyn hat him
deljûn
it fjoer is dôve
kjeld oerfalt
myn wêzen
ik sykje
efter alle doarren
oant ik nei de siken gapje
my deljou
yn 'e greide
neat út 'e hannen
komme lit
it tinken útban
en fiel
in fielber rûzjende stream
oanfiel
as ik
by Jo
ûnder de wyn kom
my opheine lit
yn waarme
kleare tinzen
aukje wijma
.................................
genede
ik kin
net sizze
hoefolle romte
it my joech
doe't ik
dy ferjoech
romte
dy 't Jo
alle dagen
jaan wolle
oan my
aukje wijma
....................................
takomst
der komt in tiid
dat der tsien man
út 'e folken
komme sille
dy 't moed krije
om in Joadsk man
by de tippe
fan syn mantel
te gripen
him freegje
meie wy mei jo
oprinne
want wy hawwe heard
God is mei jim
aukje wijma
.............................................