
stilte nei it libben
se mocht har holle dellizze
oerjaan
einliks ferlost
fan de swierrigens
it libben
wrotte wrotte
trochgean en de skaadkant
it neiste hawwe
de leafde salang
út it each ferlern
oant einliks
it glimke
in kwetsbere siele
dy ’t har gau reitsje lit
oan it ljocht kaam
aukje wijma
